Wolkom PDF Afdrukken E-mail

De Stichting ‘Kruis- of Doumaleen’, fêstige te Aldeboarn, hat as doelstelling:

"it jaan fan finansjele stipe oan jonge minsken, manlike likegoed as froulike persoanen, by it folgjen fan tariedend wittenskiplik en wittenskiplik ûnderwiis".

It ‘Kruis- of Doumaleen’ is in hiel âld ynstitút. Wy witte dat it yn 1520 al funksjonearre. It Lien is neamd nei Jancko Douwama (1483-1533) of syn heit. Mear oer it Lien is te finen ûnder it haadstik ‘skiednis’.

Lânbesit en yn de rin fan ’e jierren opboude belizzings foarmje it fermogen fan de Stichting, dy’t yn 1990 oprjochte is. Sûnt dy tiid berêst it ferjaan by it bestjoer, dat op dit stuit bestiet út mefr. A. Akkermans (foarsitter) en de hearen G.A. Hooijer (sekretaris/ponghâlder) en A.J. IJzerman. De jierlikse opbringsten fan it fermogen kinne foar it ferwêzentlikjen fan de doelstelling brûkt wurde.

Oarspronklik (ieuwen lyn) waard mei help fan it fermogen de komplete stúdzje (meastal teology) fan in persoan betelle. Dy moast wiidweidich sollisitearje en foldwaan oan in soad betingsten. Tsjintwurdich is de situaasje oars. Troch de ynfiering fan de stúdzjefinansiering is it foar elkenien yn prinsipe mooglik om de stúdzje te folgjen dêr’t hy of sy foar kiest. Sadwaande hat it bestjoer de kritearia om gebrûk meitsje te kinnen fan it fûns in oantal jierren lyn sa oanpast dat bydragen jûn wurde kinne wannear’t sprake is fan bysûndere útjeften, dy’t net dutsen wurde kinne troch de studint, de âlders en/of de oerheid. Wy kinne dêrby tinke oan in lange tiid fan siikwêzen, in twadde stúdzje of in wittenskiplike staazje yn it bûtenlân. Dêrneist moat de kandidaat (benefisjant neamd) konneksjes hawwe mei Aldeboarn of in justjes grutter gebiet, op syn minst binnen de provinsje Fryslân.

In oanfraach kin yntsjinne wurde by de sekretaris fan de Stichting mei dêrby in brief dêr’t dúdlik út bliken docht wat de reden is fan de oanfraach en wêr’t de bydrage foar bestimd is. Dêrneist moat in begrutting meistjoerd wurde en, as dat fan tapassing is, in oersjoch fan bydragen fan oare sponsors of fûnsen. Fierder kin it bestjoer de finansjele draachkrêft fan âlder(s) of fersoarger(s) hifkje (litte).

 

 

LAST_UPDATED2