Oer Jancko Douwama PDF Afdrukken E-mail
Jancko Douwama libbe fan 1482 oant 1533. Hy stamme út in geslacht fan haadlingen (eallju), mei as wenplak Aldeboarn. De Doumastins wie syn wenning. Generaasjes lang hat syn famylje yn it gebiet om de Boarne hinne gesach útoefene.

De ein fan de 15e en it begjin fan de 16e ieu wie de oergong fan de midsieuwen nei de Nije Tiid. It wie in perioade fan grutte feroarings yn Fryslân. Yn 1498 begjint de saneamde ‘unifikaasje fan Fryslân’. Mei de besetting troch hartoch Albrecht van Saksen kaam der in ein oan de ‘Fryske Frijheid’. Oant dat jier ta hie it hjoeddeiske Fryslân, doe Westerlauwersk Fryslân neamd (dat bestie neist it Easterlauwersk Fryslân - it hjoeddeistige Grinslân - en East-Fryslân, east fan de Iems), gjin lânhearre en dus ek gjin sintraal gesach. Lokale eallju oefenen, yn in algeduerich wikseljend machtslykwicht, it gesach út: wy neame dat in fetemaatskippij. Stêden hienen noch net folle yn te bringen.

Fryslân wie relatyf let mei it ynstellen fan in sintraal gesach. Yn 1465 wie East-Fryslân al in greefskip wurden en yn it hjoeddeiske Grinslân hie de stêd Grins feitlik it gesach yn hannen oer de Ommelannen. Mear nei it suden yn it hjoeddeiske Nederlân bestie al folle langer sintraal gesach.

It feit dat de hearskippij no yn hannen fan de Hartoch wie, hie grutte feroarings ta gefolch, positive en negative. Emosjoneel negatyf wie dat it sintrale gesach fan sa fier ôf útoefene waard; de ôfstân nei it gewest wie grut, fysyk en emosjoneel.

De positive feroarings wienen dat de ynfrastruktuer ferbettere en dat der in unifoarm stelsel fan mjitten en gewichten kaam. Der ûntstie ek in sintraal rjochtssysteem, neffens it doe op oare plakken al algemien hantearre Romeinske rjocht. Dat allegear wie ûnder mear mooglik trochdat der in foarm fan belestingheffing kaam, en dêr koe it sintrale gesach út finansiere wurde. Dy feroarings hienen in posityf effekt op de regionale ekonomy.

Neidielen wienen der ek: korrupsje en ûnderdrukking en, net yn it lêste plak, it emosjonele gefoel fan ferlies fan frijheid.

Jancko Douwama (of Douma)

Douwama wie yn dy rûzige tiid yn Fryslân in kaaifiguer. Mear as de measte oaren sette er him yn foar syn ideaal, de âlde Fryske Frijheid. Bysûnder dêrby is dat fan him in soad skreaune stikken oerlevere binne, dy’t goed ynsjoch jouwe yn syn dwaan en tinken. Dy skreaune stikken binne in seldsum foarbyld fan teksten út de 16e ieu dêr’t op in hertstochtlike wize posysje yn keazen en ferantwurding yn ôflein wurdt. Mei de komst fan de Hartoch begûn foar Douwama in perioade fan ferset tsjin it nije gesach. Yn hieltyd wikseljende konneksjes besocht er fergees rânebetingsten te kreëarjen foar it werombringen fan de âlde frijheid - oant er yn 1520 finzen nommen waard yn it Flaamske Vilvoorde, dêr’t er yn 1533 yn dy finzenskip stoar.

Ut syn geskriften leare wy Douwama kennen as in man fan eare. Betrouberheid, deugd, yntegriteit en weardichheid wienen kearnbegripen yn syn libben. Tekenjend foar him wienen de wurden dy’t er yn 1514 útspruts, wylst er foar de Hartoch fan Gelre stie, dy’t him besocht te bepraten om by him yn tsjinst te kommen:

“Bezit verloren, weinig verloren,
het leven verloren, veel verloren,
de eer verloren, alles verloren.”
LAST_UPDATED2