Skiednis PDF Afdrukken E-mail
De stichtingsbrief fan it Lien is noait boppe wetter kommen, mar út ûndersyk (Martha Kist) is bekend wurden dat it Lien al yn 1520 bestie. Yn 1638 stoar de widdo fan Syds van Botnia. Syds wie de soan fan Teth Douma van Oenema, dy’t in pakesizzer wie fan Jancko Douwama (1483-1533). Dêrnei binne der gjin famyljebannen mear oan te wizen wat it Lien oangiet.

It ferjaan berêste eartiids by de brûker fan de Doumastate en de lannen dy’t eigendom fan it Lien binne of wienen. De Doumastate lei noard fan de pleats fan de Mts. Dijkstra (Fjurlânswei 2, foarhinne bruorren Binsma).

Douwama hie yn Aldeboarn ferskate besittings yn eigendom. Dêrfan wie de wichtichste syn thúsbasis, de Doumastins, in stiennen hûs (= stins) dat op in lege terp lei oan de súdwestkant fan Aldeboarn, op it plak fan de lettere Doumasate. Tsjintwurdich steane dêr de gebouwen fan twa pleatsen, dy’t no as ien greidbuorkerij eksploitearre wurde troch de famylje Dijkstra (Fjurlânswei 2), oant 2004 de famylje Binsma.

Dêrneist moatte ferskate lannen ta syn besit heard hawwe. Krekte gegevens binne dêroer net bekend. Undersyk hat útkomme litten dat it lien al yn 1520 bestie. It waard nei alle gedachten oprjochte troch Jancko Douwama of syn heit. Yn 1638 ferstoar de lêste Douwama sûnder neikommelingen. It is wol wierskynlik dat de Stins doe ferkocht is en letter sloopt. Sûnt 1533 is de opbringst fan besittings yn lân en letter ek yn kontanten brûkt om opliedings te bekostigjen fan ynwenners fan Aldeboarn, foaral fan dûmnys. Dêrby wurdt sprutsen fan it lien (it ûnreplike goed) en de benefisjanten (dyjingen dy’t it rjocht krije op de opbringsten dêrfan).

Oant fier yn de 19e ieu hie it Doumalien mar ien bestjoerder. Nei it ferstjerren fan de lêste neikommeling yn 1638 is hy of sy feitlik de eigener fan it lien (dat ek ferkocht waard). Hy of sy mei it lân brûke, mar de opbringst dêrfan mei er net sels gebrûk fan meitsje, dy mei allinnich ynsetten wurde foar it oarspronklike doel: (ferfolch)ûnderwiis. Yn de praktyk binne it yn dy tiid yn plattelânsgebieten lykas om Aldeboarn hinne hast allinnich mar dûmnys dy’t ferfolchûnderwiis folgje.

Letter krijt it lien trije bestjoerders, en it krijt, nei alle tinken yn it begjin fan de 20e ieu, min of mear de foarm fan in stichting.

It takenningsbelied feroaret ek stadichwei, alhielendal nei de Twadde Wrâldoarloch. Nei’t it makliker wurdt om in universitêre oplieding te bekostigjen, wurdt út de opbringst fan it lien net mear in komplete stúdzje, mar hieltyd faker in part fan in oplieding of in ferfolchstúdzje betelle, wylst oan it kritearium dat it gean moat om ien út Aldeboarn of direkte omkriten ek net mear sa strikt fêstholden wurdt.

It Doumalien is yn termen fan tsjintwurdich in fûns. It Lien hat in beskieden omfang en men soe jin ôffreegje kinne wat anno 2007 it nut noch is fan sa’n relatyf lyts fûns. Mar it fûns hat in skiednis dy’t 500 jier weromgiet en hat allinnich om dy reden al rjocht fan bestean!

Epilooch

Hjirûnder stiet de epilooch út it boek ‘Hear Jancko Douwama van Oldeboorn’, S. Bartstra, 1944, 2e druk.

Kasboek

As lêste in fragmint út it kasboek (klik op de yllustraasje foar in fergrutting)
Kasboek
LAST_UPDATED2